Motorrider oanriden troch auto

06 jun 2013 - 10:37

In 48-jierrige motorrider is woansdei op de Betonwei yn De Harkema slim ferwûne rekke by in ûngelok. Hij waard oanriden troch in man yn in bestelbus. Dy soe linksôf en woe hurd even foar in frachtwein del. De motorrider siet dêr flak foar, mar de man seach him oer de holle.

De motorrider rekke sa slim ferwûne dat er ûnder plysjebegelieding mei de ambulânse nei it UMCG yn Grins brocht is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)