Jorritsma achter NRC-útspraken

05 jun 2013 - 22:27

Kommissaris fan de Kening John Jorritsma stiet noch hieltyd efter syn útspraken yn it petear dat ôfrûne sneon yn de NRC stie. Dat sei Jorritsma woansdei by de diskusje oer de nijbou fan Thialf yn de steatekommisje. It petear fan sneon hat wol in 'ûnbedoelde dynamyk' jûn, sei de kommissaris. De wurden fan Jorritsma soargen foar opskuor by guon steateleden. Hy sei dat it de eigen skuld fan Fryslân is dat de plannen yn Zoetermeer en Almere der kaam binne. As de beslútfoarming flugger west hie, dan hie it nije Thialf der al stien.

Jorritsma seit dat er it wurd 'skuld' út de kop fan it artikel net brûkt hat. Neffens him hawwe de steaten 'talme'. It is ek dreech om in iepenbier proses as dat mei Thialf fluch te dwaan, neffens Jorritsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)