Bart Helmholt wer oer 20 meter

Bart Helmholt © awfoto.nl
Bart Helmholt hat de fiifde ljepperij fan it seizoen wûn. Yn Drylts ljepte de Burgumer nei 20.38 meter. It wie al wer de fjirde winst fan it seizoen. Syn broer Thomas waard twadde mei 19.86 meter. Dat wie in pr, mar mei in bettere útsprong hie er in dikke 20 meter delsette kinnen. By de froulju wie Klaske Nauta foar de tredde kear de bêste. Op har thúsbarte sprong se 14.67. Sytse Bokma wie mei 17.36 de bêste by de junioaren, Bobby Zwaagman pakte yn eigen hûs de winst by de jonges mei 17.60.