Pensjonhâldster al jier frij

05 jun 2013 - 16:33

Marianne van der E. is wer frij. Dat seit har advokaat Paul Acda. Van der E. waard yn 1998 ta seis jier finzenisstraf en TBS feroardiele foar de moard op twa manlju. De lichems fan de mannen waarden yn de tún fan har pensjon yn Eanjum fûn. De saak soarge foar in soad ophef en Van der E. krige yn de media de bynamme 'Heks van Anjum'. Yn jannewaris ferline jier kaam se neffens har advokaat wer frij neidat har TBS-behanneling klear wie. Van der E. seit noch altyd ûnskuldich te wêzen en wurket mei har advokaat oan in 'herzieningsverzoek'.

Yn in nije rjochtsaak krijt se dan de kâns om har ûnskuld te bewizen. Neffens har advokaat moat derfoar noch wol in soad ûndersyk dien wurde en is noch net bekend oft dat ek echt trochgiet.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)