150 Steigerplanken stellen
Fan in bouterrein yn Drylts binne 150 steigerplanken stellen. Dieven ha it guod oan de Sudergoweg it ôfrûne wykein meinommen. De planken binne 4,5 meter lang, dat de plysje tinkt dat de dieven in frachtwein brûkt ha. De plysje siket tsjûgen. Dy kinne mei de plysje belje.