Provinsjes stypje lobby Omrop

It gebou fan Omrop Fryslân yn Ljouwert © Omrop Fryslân
De alve oare provinsjes fan Nederlan stypje Fryslân yn de lobby foar in spesjale posysje fan Omrop Fryslân yn it mediabestel. Dat sei deputearre Tineke Schokker woansdei by de steatekommisje. De stipe fan de oare provinsjes hat se krigen by it oerlis yn IPO-ferbân, it Inter Provinciaal Overleg. By de behandeling fan de Taalwet yn de Twadde Keamer tsjinnen partijen ek al moasjes oer de Omrop yn. Dy sille by de behanneling fan de mediawet op 26 juny besprutsen wurde.