Spinder op It Fean fallyt

Website Spinder © Omrop Fryslân
It bedriuw Spinder Bike Carriers fan It Hearrenfean is fallyt. It bedriuw makket fytsedragers foar achter op de auto. Earder siet Spinder op De Harkema. Dêr is it yn 2007 ek al fallyt ferklearre. It is doetiids oernaam troch Luyt bv, mar ek dy moast yn 2011 fallisemint oanfreegje. Op It Hearrenfean is dêrnei in trochstart makke. Ien fan de produkten is sels nominearre foar de 'fiets innovatie award 2013'.