Bob de Vries wint Alkmaar

07 jan 2012 - 22:42

Bob de Vries hat sneontejûn de maraton fan Alkmaar wûn. Yn de tolfde wedstriid om de KPN maraton cup helle de Haulster tegearre mei Ljouwerter Douwe Bierma nei 100 rûntsjes it peloton yn. De BAM-Univé ploech fan De Vries soarge der dêrnei foar dat net ien mear fuortride koe. Yn de einsprint helle Bob de Vries syn twadde oerwinning fan it seizoen. Karlo Timmerman wûn de sprint fan it peloton. Wolvegeaster Crispijn Ariëns waard fiifde en bliuwt lieder fan it klassemint.

Foske Tamar van der Wal wie by de froulju wer ris de rapste yn de massasprint. It wie har njoggende winst foar it klassemint. Yn totaal stiet de teller dit seizoen al op tolve oerwinnings. Irene Schouten waard twadde, Wieteke Cramer fan De Lemmer tredde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)