'Undersyk Drachten goede saak'

© gemeente Smellingerlân
Minister Plasterk fan Ynlânske Saken fynt it in goede saak dat boargemaster Van Bekkum fan Smellingerlân ûndersyk dwaan lit nei de wurksfear op it gemeentehûs yn Drachten. Hy skriuwt dat oan de amtners dy't sizze dat se slachtoffer binne fan yntimidaasje troch har bazen. De amtners hiene de minister om help frege, om't se gjin fertrouwen ha yn it ûndersyk. Se fine dat net de boargemaster de ferantwurdlikheid ha moat, mar de gemeenteried, omdat it kolleezje fan B&W mooglik ûnderdiel fan it probleem is.
Plasterk fynt it krekt de goeie gong fan saken dat de boargemaster it inisjatyf naam hat. As der sprake is fan misstannen, sil dat út it ûndersyk bliken dwaan, skriuwt de minister.