Grinzer kreamsoarch fallyt

It fallyt gean fan Het Groene Kruis yn Grinslân hat ek gefolgen foar Fryslân. De Fryske wâlden falle yn it wurkgebiet fan de ynstelling dy't kreamsoarch jout. Ek wurkje der Friezen by de ynstelling. Alle 315 meiwurkers krije dien, mar der komt in trochstart. De nije organisaasje hâldt deselde namme en wurdt ûnderdiel fan it Grinzer Martinisikehûs. De klanten wurde op 'e hichte brocht oer de feroarings.
De nije kreamsoarchorganisaasje sil har wurkgebiet yn de Fryske wâlden beheine om't der te min klanten yn it gebiet wenje.