Wer 6 jier sel yn saak Reidsma

05 jun 2013 - 12:00

Yn de saak Eeuwke Reidsma is woansdei yn heger berop op 'e nij seis jier sel en fiif jier rydûntsizzing easke tsjin de 41-jierrige fertochte. Dy hat Reidsma twa jier lyn yn Ljouwert deariden. It hôf hie yn febrewaris neier ûndersyk easke. It hôf fûn it doe noch ûndúdlik hoe hurd oft de fertochte ried doe't er it slachtoffer rekke. Hy soe trije kear safolle alkohol op hân hawwe as tastien en ried 80 kilometer yn de oere, wylst 30 tastien wie.

De 56-jierrige Reidsma wie mei syn dochter op 'e fyts ûnderweis nei it Cambuurstadion, doe't beide skept waarden troch de fertochte. Reidsma ferstoar op it plak fan it ûngelok en syn dochter rekke swier ferwûne. Oer twa wike docht it hôf útspraak.

Trefwurden: 
justysje Eeuwke Reidsma
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)