Ljouwerter ferwûne nei spul

Plysje-embleem © ANP
De plysje hat tiisdeitejûn yn de Ljouwerter wyk Cammingabuorren in man (41) oanhâlden op fertinking fan mishanneling fan in 47-jierrige stedsgenoat. De 47-jierrige hierbaas gie by de man dy't de wenning oan de Roptastate hiert op besite, om't in rút repareard wurde moast. Yn de wenning ûntstie spul, en slaanderij. It slachtoffer rekke sa bot ferwûne dat er mei in ambulanse nei it sikehûs moast. Hy hat oanjefte dien.