Moandei nije webside Omrop

05 jun 2013 - 11:01

De webside fan Omrop Fryslân wurdt fernijd. Fan moandei 10 juny ôf is der mear romte foar sosjale media en fideo op www.omropfryslan.nl. De webside is modernisearre en hat in nij jaske krigen. Ek binne de sykfunksjes ferbettere sadat programma's en nijsberjochten makliker werom te finen binne.

De ynternetside fan Omrop Fryslân lûkt alle moannen sa'n 600.000 besikers. Dêrboppe-op komme de mobile besikers noch. De siden dêr't it meast nei sjoen wurdt, binne nijs, útstjoering mist, it waarberjocht fan Piet Paulusma en www.omroplive.nl.

De nije webside wurdt noch fierder ûntwikkele om yn te spyljen op trends op it mêd fan nije media. Ek de kommende jierren ynvestearret Omrop Fryslân yn de ynternetside en nije media.

Trefwurden: 
Omrop Fryslân webside
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)