Gouden kustpriis foar Amelân

05 jun 2013 - 10:48

It Amelân hat woansdei de gouden Quality Coast Award yn de wacht sleept. De award is in Europeesk karmerk foar duorsumens fan kustgemeenten dy't hat ynsette op it mêd fan toerisme en miljeusoarch. De Blauwe Vlag, dy't It Amelân dit jier foar de 26e kear krige, is dêr ek yn ferwurke. It Waadeilân krige twa jier lyn al de sulveren Quality Coast Award. Dit jier is it goud om't der goed skoard wurdt op de kritearia feiligens en boargerpartisipaasje.

Trefwurden: 
Amelân priis kust
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)