Laam mei twa gesichten dea

It laam mei twa gesichten © Jeanet de Jong, Persbureau Ameland
It laam mei de twa gesichten is yn de nacht fan tiisdei op woansdei stoarn. Dat meldt boer Andries Molenaar fan It Amelân. It lamke hie fjouwer eagen, twa noazen, twa mûlen en twa earen. Soks wurdt ek wol in januskop neamd. De boer hie net ferwachte dat it laam lang libje soe. 'It is net oars', wie syn reaksje op it deade bist. De frou fan de boer joech it bist elke twa oeren wat molke en trof it laam dea oan yn de skuorre.