ONS Boso Snits op de foto

04 jun 2013 - 23:03
  • ONS Boso Snits (dijksfotografie.nl)

Net allinne it betelle fuotbal hat in fotomomint foar de parse. Ek de topklassers moatte deroan leauwe. Tiisdeitejûn draafde dêrom de folsleine seleksje, technyske stêf en alles wat derby heart fan ONS Boso Snits op. Mei de tribune fan it Sudersportpark op 'e eftergrûn waard de grutte alvetalfoto makke. Oer fjirtjin dagen begjint foar de Snitsers de tarieding op it nije seizoen. Ek oan it sportpark sil it ien en oar feroarje. Der komt in 'rollboarding' foar de reklame om it fjild en in nije bestjoers- en sponsorromte by de tribune oan.

ONS hat seis nije spilers yn de seleksje. Dat binne Frits Dantuma, Johan Molenaar, Roelof Strikwerda, Tjisse Kerkstra, Rolf Dijk en Arend Hartman. Patrick Goedhart, Ale Geert de Vries en Mark de Vries ha de klup ferlitten. Rudy Mann, Bieuwe Pruiksma en Leo de Wagt stopje mei it spul op heech nivo. Leo de Wagt foarmet mei spiler-trainer Sandor van der Heide en haadtrainer Bert Hollander de technyske stêf.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)