Utfining foar âlderein

04 jun 2013 - 22:55

Studinten fan de hegeskoalle Windesheim hawwe tiisdei de wedstriid foar jonge útfiners wûn. De wedstriid wie útskreaun troch it Innovatie Cluster Drachten. Dat binne sân bedriuwen dy't de technyk promoate wolle.

Se dagen de studinten fan fiif hegeskoallen út om wat út te finen dat it foar âlderein mooglik makket om langer thús te wenjen. De studinten fan Windesheim kamen mei in brace dy't alderein om de earm dwaan kin, om it triljen tsjin te gean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)