Lêsten Smellingerlân omleech

04 jun 2013 - 21:44

De lokale lêsten foar de ynwenners fan de gemeente Smellingerlân geanne yn 2014 sa'n 4 prosint omleech. Gemiddeld betellet in húshâlden dan 663 euro, yn 2013 is dat noch 690 euro. Dat komt foaral troch in ferleging fan 50 euro fan de ôffalstoffeheffing. Dat docht bliken út de perspektyfnota 2014-2017 fan de gemeente.

Dêr stiet ek yn dat de begrutting yn 2014 slutend is, mar dat der yn de jierren dêrnei in tekoart is. Yn 2017 sil dat tekoart sels 1 miljoen euro wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)