RfK: saken SC nuchter besjen

04 jun 2013 - 20:57
  • Foarsitter De Jong fan de Ried fan Kommissarissen

De ried fan kommissarissen fan Sportklup Hearrenfean fynt dat de supporters as 'nuchtere Friezen' mei de sitewaasje binnen de klup omgean moatte. De ried hat oerlis hân en dêrnei in brief stjoerd nei de supportersferieningen Nieuw Noord en Feanfan. Dy ha ferline wike it fertrouwen opsein yn sawol de direksje as de ried fan kommissarissen.

Foarsitter fan de ried Wino de Jong wol der net al tefolle oer kwyt, mar seit wol de supporters hiel serieus te nimmen. De ried fynt dat de saken krekt wat nuansearder lizze as se no foarsteld wurde.

De supportersklups oerlizze noch wat se mei it brief oan moatte. Yn in earste reaksje neame se it brief 'neatsizzend.' Se roppe de supporters op om gjin aksjes te dwaan yn de rjochting fan leden fan de direksje of Ried fan Kommissarissen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)