'Nijbou Thialf útstelle'

04 jun 2013 - 18:44

De steatefraksje fan de ChristenUnie wol dat earst dúdlik wurdt wêr't reedridersbûn KNSB en sportkoepel NOC*NSF de nije topsportlokaasje foar it reedriden ha wolle. Dêrnei kin de provinsje in beslút nimme oer de nijbou fan Thialf. De provinsje wol de plannen mei Thialf trochsette, ek as de KNSB en NOC*NSF foar Almere of Zoetermeer kieze.

Neffens de ChristenUnie is it wichtich dat ek merkpartijen in finansjele bydrage leverje. Dy rol is neffens de fraksje no noch te lyts.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)