Loftbylden fan wetteroerlêst

07 jan 2012 - 17:47

Ut de loft wei is dúdlik te sjen hoe't it wetter noch altyd Fryslân op in grut tal plakken ynnimt. Dat is benammen goed te sjen yn de midden fan de provinsje. Al sûnt tiisdei witte se yn Burgum en omkriten wat wetter is. De bylden binne fan sneontemiddei. It wetter sakket dan wol wat, mar by rekreaasjegebiet Klein Zwitserland is goed te sjen hoe heech oft it wetter no noch is.

It wetter rint dizze wike allegearre nei it midden fan Fryslân, mei Grou as middelpunt. Kameleondoarp Terherne leit ek foar in grut part ûnder. By de Snitsermar binne stikken dyk ekstra ferstevige.

De ferwachting is dat fan sneintemiddei ôf it spuien fan wetter wer op in normaal nivo is.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)