Advyskommisje mediafûns bekend

04 jun 2013 - 17:27

Heechleraar Marcel Broersma, de eardere haadredakteur fan de Ljouwerter Krante Rimmer Mulder, útjouwer Ernst-Jan Pfauth en journaliste Marijke Roskam binne mei de eardere steatssekretaris Joop Atsma út Surhústerfean beneamd as lid fan de advyskommisje Fries Mediafûns. Deputearre steaten fan de provinsje ha dit tiisdei besletten.

De kommisje sil adviseare wa't jild krijt út it mediafûns. Mei dit fûns wol de provinsje fernijings yn de Fryske media stimulearje. Derfoar is elts jier 100.000 euro beskikber.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)