Fertochten sjitpartij wer frij

04 jun 2013 - 14:45

De fjouwer manlju dy't moandei troch de plysje oppakt binne as fertochten fan in sjitpartij op Achter de Hoven yn Ljouwert binne wer frijlitten. Dat hat de plysje bekend makke. Ut it ûndersyk docht bliken dat de fjouwer net sketten hawwe. Dat is dien troch ien persoan, dy't noch troch de plysje socht wurdt. Syn identiteit is wol bekend.

De sjitpartij wie sneintemoarn. Foar safier bekend rekke der ien persoan by ferwûne. Dy gie sels nei it sikehûs.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)