Eks-detinearden dûbel troffen

04 jun 2013 - 12:04
  • Finzenis De Marwei yn Ljouwert

Eks-detinearden wurde dûbelhurd troffen troch de ekonomyske krisis. It oantal banen foar dizze groep is de lêste jierren yn rap tempo ôfnommen. Dat die tiisdei bliken by in oriïntaasjemerk foar detinearden yn finzenis De Marwei yn Ljouwert.

Twa jier lyn wie de merk noch hielendal rjochte op it krijen fan in baan, mar dit jier is de merk út need oars fan opset. Der is bygelyks mear omtinken foar frijwilligerswurk.

Ek binne der bedriuwen en ynstellings dy't minsken helpe kinne om in wenplak te finen as se frijkomme, of om fan har ferslaving ôf te kommen. Ut de Marwei wei komme der alle moannen 80 oant 90 minsken werom op de arbeidsmerk.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)