Strange kontrôle op farferbod

07 jan 2012 - 16:38

Kontroleurs fan 'e provinsje sjogge der strang op ta dat skippers it farferbod net skeine. Moandei wurdt besletten of it ferbod opheft of oanpast wurdt. By de slûs by it Prinses Magrietkanaal op 'e Lemmer lizze oan beide kanten tal fan binnenfeartskippen te wachtsjes oant se wer oan it wurk kinne. Troch de hege wetterstân mei der net fearn wurde om't de golfslach fan 'e skippen de wâlskanten ferniele kin.

De ôfdieling Nautyske Saken fan 'e provinsje hâldt de Fryske wetters skerp yn 'e gaten om te sjen oft de skippers harren wol oan it ferbod hâlde. In inkeling giet de fout yn en is bekeurd.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)