Comeniusbern op weromreis

Comenius, lokaasje Zamenhof © Omrop Fryslân
De fyftich learlingen en dosinten fan de kristlike skoallemienskip Commenius út Ljouwert binne mei de bus ûnderweis nei Ljouwert. De groep siet in pear dagen fêst yn it Zillertal yn Eastenryk fanwege sniebuien en lawinegefaer. Se soene freed weromkomme nei in koarte skyfakânsje, mar dat pakte oars út. Se komme sneontenacht pas thús en moatte moandei alwer nei skoalle.
De hiele moarn stie de ploech klear mei de koffers om sa rap mooglik fuort te kinnen.