Minder boaten nei Flylân

07 jan 2012 - 13:58

Fanwege it minne waar farre sneon en snein minder boaten nei Flylân. Sneon falle der in tal boaten út. It giet it om de boat fan healwei seizen fan Harns nei Flylân, dy fan fiif foar healwei sânen fan Skylge nei Flylân en de boat werom fan sân oere fan Flylân nei Harns.

Snein falt de boat fan njoggen oere fan Skylge nei Flylân út, dy fan tweintich foar tsienen fan Flylân nei Harns, fan Harns nei Flylân om tweintich foar alven en fan Flylân nei Skylge om fiif foar healwei tolven. Der fart wol in boat fan Flylân nei Harns om sân oere moarns en fan Harns nei Flylân om njoggen oere moarns.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)