Dakleazen krije baan
Zienn wol dit jier mear dak- en thúsleazen oan in baan helpe. De opfangorganisaasje hat dêr in oerienkomst foar sletten mei reyntegraasjebedriuw Reax. Dy sil sechtsjin folle arbeidsplakken ôfnimme. Dat betsjut dat dêr tritich dakleazen oan de slach kinne.
De gearwurking tusken Zienn en Reax duorret yn earste ynstânsje in jier.