Provinsje: gemaal Lauwerseach

07 jan 2012 - 11:36

De provinsje bliuwt by de plannen foar de bou fan in gemaal oan de Lauwersmar. De needsaak is der en dus moat der ien komme. Dat seit deputearre Tineke Schokker. Se reagearret op útlittings fan steatssiktaris Joop Atsma. Dy fynt sa'n gemaal net perfoarst needsaaklik en wol der út it Ryk wei gjin jild yn stekke. Atsma wol de spuikapasiteit op de Iselmar fergrutsje.

De provinsje is oan set as it giet om de bou fan in nij gemaal by de Lauwersmar, seit de steatssiktaris. Ynkoarten wurdt dúdlik wat in nij gemaal dêr kostje moat en oft it echt wat opsmyt.

Guon belangenorganisaasjes hawwe de lêste tiid oantrune op in goede ôfwettering fan de Lauwersmar. Dêr binne no inkeld mar spuislûzen en dy wurkje net as it wetter yn de Waadsee te heech is. Dêrom moat der in gemaal komme dat it wetter fuortpompt.

Trefwurden: 
gemaal
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)