Ankers stean Geitefok by

Advokaat Willem Anker út Ljouwert sil de âldjierklup bystean dy't de ringen fan it Olympysk Stadion yn Amsterdam as stunt meinaam hat. Der driget in juridyske striid tsjin de Geitefokferiening út Aldeberkeap. De direksje fan it stadion hat oanjefte dien fan stellerij. De offisier fan justysje hat de plysje nei Aldeberkeap stjoerd om de ringen op te heljen.
Advokaat Anker seit dat der gjin sprake is fan stellerij en fernieling. Hy ferwyt de stadiondireksje gebrek oan humor en sûn ferstân. Se hawwe ek gjin gefoel foar tradysje.