700 meter oan kaden fol wetter

© Henk Jansma
De tastân fan de oevers en kaden yn Fryslân liket reedlik stabyl. By in ynspeksje fan 700 kilometer oan kaden troch Wetterskip Fryslân is nochris 700 meter kade fûn dy't net yn oarder wie trochdat it fol mei wetter sit.
It giet om ferskate lytsere stikjes kaden yn it midden, noardeasten en súdeasten fan de provinsje. Risiko's foar bewenne gebieten binne der net en der is ek gjin gefaar op grutte ekonomyske skea. Untrommings binne net nedich. Der wurde needdiken oanlein achter de kwetsbere stikken kade.