'Gjin gefaarlike kaden'

06 jan 2012 - 17:19

Der binne foar sa fier bekend gjin nije hiel gefaarlike swakke plakken fûn yn kaden troch Wetterskip Fryslân. Sa'n tachtich ynspekteurs hawwe by de kaden del west.

Freedtejûn wurdt besjoen wat dat krekt opsmiten hat en wat se dêr mei oan moatte. Mar as der akút gefaarlike situaasjes fûn wiene, wie dat wol trochjûn oan dykgraaf Van Erkelens, sa sei er sels freedtemiddei tsjin fiven.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)