Atsma bringt besite oan Burd

De situaasje yn it lege midden fan Fryslân mei it hege wetter bliuwt soarchlik, mar is wol in bytsje better. Dat boadskip krige steatssiktaris Joop Atsma freed by syn besite oan it evakuearre eilân De Burd by Grou. Dêr hat de trochweakke dyk op it eilân tolve minne plakken. It wetterskip besiket de dyk manmachtich te fersterkjen. Oant de situaasje feiliger is. bliuwt it Koade Oranje foar De Burd en foar rekreaasjepark yn 'e Lijte. Pas nei it wykein wurdt besjoen oft de evakuearre bewenners werom kinne.
Fan De Lauwersmar ôf is freedtemiddei foar it earst wer spuid op de Waadsee. Der kin freedtejûn ek wer spuid wurde. Dêrtroch is de wetterstân wer in pear sintimeter leger.