Seehûn nei fûgelopfang brocht

06 jan 2012 - 16:59

By de fûgelopfang yn Marsum is freed in jonge grize seehûn brocht. De lêste kear dat soks barde, wie sawat twa jier ferlyn. Theo de Jong hat it bist fûn op de Ofslútdyk. De seehûn is tusken de tsien en de fyftjin wiken âld. Hy wurdt letter nei de opfang yn Pietersburen brocht.

De fûgelopfang fan Marsum is in depot fan de grutte seehûnekresj yn Pietersburen. Der binne ek noch twa seehûnen ûnderweis fan Harns nei dy opfang.

Diel dit berjocht op:
Trefwurden: 
(advertinsje)
(advertinsje)