Skea oan Waadeilannen falt ta

De skea oan de kust fan de Waadeilânnen liket ta te fallen. Dat seit Tonnie Overdiep fan Rykswettersteat op It Amelân.
It strân is wol in heale meter leger troch ôfslach. De foet fan de dunen is ek wat oantaast. Dat soarget net foar problemen en der hoecht ek gjin aksje ûndernaam te wurden. Dat jildt neffens Rykswettersteat ek foar de oare eilannen. Wol binne de trochgongen fan de dunen op It Amelân tichtwaaid. De gemeente is dwaande dat te werstellen.
Op Skiermûntseach binne de stodunen foar it griene strân foar de helte fuortwaaid. Neffens behearder Natuermonuminten is dat wol earder bard en binne se doetiids ek weromkaam.