Bisten sykje hegere grûnen op

Lauwersmargebiet © Omrop Fryslân
De tûzen Skotske Heechlanners en Konikhynders yn nasjonaal park Lauwersmar hawwe allegearre hegere grûn opsocht. Datselde jildt ek foar it wyld. It fee wurdt byfuorre troch behearder Steatskboskbehear. It giet goed mei de bisten.
Minsken mei hûnen wurde ekstra yn de gaten hâlden omdat it wyld no folle mear as oars by inoar stiet yn lytsere gebieten. Dêrom kinne se fersteurings minder goed oan. It fee hat it oerlibbe, mar der binne nochal wat mollen en muzen ferdronken ynit gebiet.