Farferbod: skippen lizze stil

06 jan 2012 - 15:26

Sân binnenfeartskippen lizze stil by de slûs yn it Prinses Margrietkanaal by De Lemmer. Se bliuwe foar de wâl fanwege it farferbod dat de Provinsje Fryslân ôfkundige hat.

De skippers hawwe begip foar de situaasje. Wol kost it stillizen harren tsientûzenen euro's. Ien fan de skippers sprekt fan in unyk gefal dat neffens him net earder foarkaam is. De skippers binne der dan ek net foar fersekere.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)