Wykpanels prate oer lantearnen

De wykpanels yn Ljouwert sille advys jaan oer wêr't de strjitferljochting yn de stêd fuort kin en wêr't dy bliuwe moat. De gemeente Ljouwert wol sa temjitte komme oan de krityk op it ljochtmêstbelied yn de stêd.
Om enerzjy te besparjen binne op ferskate plakken lampepeallen fuorthelle. Dêr kaam in soad protest tsjin. Troch no te oerlizzen mei de wykpanels en wykaginten moat der draachflak komme foar de plannen.