Dochs subsydzje NNO

Optreden NNO yn Beetstersweach
De gemeente Ljouwert is ree de besuniging op it Noord Nederlands Orkest (NNO) oan te passen. It giet om in bedrach fan tweintichtûzen euro. Dat wie skrast, om't it idee libbe dat it orkest kwalik optredens hie yn Ljouwert.
Wethâlder Diks seit dat se de saak nochris goed besjoen hat en it beslút oanpasse wol. Hoe't se dat dwaan wol, is noch net dúdlik. It NNO kin bygelyks projektsubsydzjes oanfreegje.