Skip Dronryp losmakke

03 jun 2013 - 19:19

De wetterplysje ûndersiket wa't yn it wykein yn Dronryp de trijemêster Sylvia lossmiten hat. Unbekenden hawwe de touwen trochsnien en de kettings mei in betonskjirre trochknipt.

It 40 meter lange skip dreau fuort en kaam midden yn it Van Harinxmakanaal telâne. Der bleau it skip lizzen. It skip fan 'e Ljouwerter Adriaan Blanken lei mear as tsien jier yn Ljouwert, mar moast yn 2011 fuort fan de gemeente.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)