Mear keapsneinen Ljouwert

03 jun 2013 - 19:14

Supermerken en oare winkels dy't iten ferkeapje yn Ljouwert meie fan it kolleezje fan boargemaster en wethâlders tenei alle sneinen iepen. Der komme ek mear keapsneinen foar de binnenstêd. Dat wurde tenei 22 yn it jier. Neffens wethâlder Henk Deinum wurdt de konsumint sa it bêste betsjinne. It is ek de bêste oplossing foar de middenstân.

Ut ûndersyk fan de gemeente en it Ljouwerter bedriuwslibben die ferline jier al bliken dat rommere winkeltiden it bêste is foar de oantrekkingskrêft fan Ljouwert by toeristen.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)