Gjin F16 boppe Fryske diken

06 jan 2012 - 15:15

Der sil gjin F16 boppe Fryske kaden en diken fleane om mei spesjale apparatuer te kontrolearjen hoe sterk oft se binne. De Feiligensregio Fryslân hat dêr by it Ministearje fan Definsje gjin fersyk foar dien, lit in wurdfierder witte. Wetterskip Fryslân fynt it net nedich. Der is sa wol genôch ynformaasje oer de Fryske diken.

Yn Grinslân sil in F16 fan de fleanbasis Volkel wol mei in ynfrareadkamera de loft yn. Dêr wurdt flein oer it gebiet by it Winschoterdiep en it Eemskanaal. De kaden wurde ynspektearre út de loft wei om te sjen hoe swak oft se binne.

Trefwurden: 
F-16
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)