Mooglik trochstart De Jong

De bakkerij fan Appie de Jong yn it sintrum fan Drachten
Der bestiet in kâns dat bakkerij Appie de Jong út Drachten in trochstart makket. Dat seit advokaat Gerard Berghuis fan Yspeert VWL advocaten. Neffens Berghuis is der in tal gadingmakkers. Wannear't der mear oer in eventuele trochstart bekend wurdt kin Berghuis noch net sizze.
Appie de Jong waard ferline wike fallyt ferklearre fanwege te hege skulden. It bedriuw hat yn totaal njoggen fêstigings yn Fryslân en Grinslân.