Shortlist Gysbert Japicxpriis

Durk van der Ploeg is de priiswinner fan 2011 © Omrop Fryslân
Sân dichters stean op de shortlist foar de Gysbert Japicxpriis. De shortlist is moandei troch Tresoar ferstjoerd. De Gysbert Japicxpriis is de belangrykste literêre priis fan Fryslân en wurdt om de twa jier útrikt, om en om foar proaza en poëzy. Diskear giet de priis nei de bêste dichtbondel.
De sân dichters dy't op de shortlist steane binne: Tsjêbbe Hettinga, Elske Kampen, Eeltsje Hettinga, Harmen Wind, Eppie Dam, Jacobus Q. Smink en Abe de Vries.
It is foar it earst yn de skiednis fan de priis, dy't yn 1947 troch de provinsje gearstald is, dat de advyskommisje fan tefoaren mei in koarte list fan kânshawwers komt. De lêste Gysbert-winner wie romanskriuwer Durk van der Ploeg yn 2011.
De bondels dy't selektearre binne:
Equinox - Tsjêbbe Hettinga
Fan glês it brekken - Elske Kampen
Ikader - Eeltsje Hettinga
Heechtiid - Harmen Wind
Mem sjoch boi - Eppie Dam
Sondefal - Jacobus Q. Smink
Sprankeskyn - Abe de Vries
De winner wurdt op freed 13 septimber bekend makke by de start fan de Moanne fan it Fryske Boek.