V.d. Velde docht syn ferhaal

03 jun 2013 - 15:16

Earefoarsitter Riemer van der Velde fan SC Hearrenfean jout moandei yn Boppeslach syn fisy op de sitewaasje by de fuotbalklup. SC Hearrenfean is op it stuit in klup yn opskuor. 

De ried fan kommissarissen komt tiisdei mei in reaksje op it feit dat de beide supportersferienings harren fertrouwen opsein ha yn de direksje en yn de ried fan kommissarissen. Ek de ûntefreden sponsors sille dizze wike nei bûten trede. Ferline wike wie der ek noch it fersoeningspetear tusken foarsitter Robert Veenstra en Riemer van der Velde, sûnder resultaat.

Van der Velde woe ekskús foar it stik yn 'e klupkrante, wêryn't er swart makke waard. Mar it petear hie net it winske resultaat.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)