Woudagemaal snein ek iepen

Fanwege de grutte belangstelling is it Woudagemaal op 'e Lemmer no snein ek iepen foar publyk. It âlde stoomgemaal krijt op 't heden twatûzen besikers deis. De besikers komme fan fier bûten de provinsje, Guon komme sels út it bûtenlân. Besikers moatte betiden fjouwer oeren wachtsje. Dat wjerhâldt de minsken der net fan om der dochs hinne te gean.
Freedtemoarn om healwei njoggenen melden de earsten harren al. Dêrom gong it gemaal earder iepen. Noch dizze moanne wurdt de 10.000e besiker ferwachte.