Nije spilers foar Cambuur

03 jun 2013 - 14:48

Cambuur hat twa nije spilers oanlutsen. Doelman Ruud Swinkels komt oer fan PSV dêr't hy tredde keeper wie achter Waterman en Tyton. Swinkels is 26 jier en spile earder by FC Eindhoven. Swinkels hat foar twa jier tekene by de Ljouwerter klup.

De oare nije spiler is Alexander Chrisovao. Hy spile it ôfrûne seizoen foar FC Grins, dêr't hy by de beloften spile. De 20-jierrige oanfaller is ynsetber yn de spits op de sydkanten. Hy hat foar ien seizoen tekene mei noch in opsje op twa seizoenen.

Trefwurden: 
fuotbal SC Cambuur spilers
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)