Konst: net iens mei Jorritsma

03 jun 2013 - 14:43

Deputearre Hans Konst fynt it net handich om no fraachtekens te setten by de gong fan saken rûn de bou fan in nij Thialf. Dat seit hy yn in reaksje op útlittings yn de krante fan kommissaris fan de Kening John Jorritsma.

Jorritsma neamt de beslútfoarming deryn grillich en hy tinkt dat it útstel yn Fryslân oaren oanset hat om ek plannen te meitsjen. Konst is dat net mei de kommissaris iens, mar hy fielt de útspraken net as in stek yn 'e rêch. 'Mar it hie better west as we dizze diskusje no net hoegden te fieren', seit Konst.

PVV-steatelid Otto van der Galiën hat Jorritsma nei oanlieding fan de útspraken frege om kommende woansdei yn in kommisjefergadering tekst en útlis te jaan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)