Trochstart foar Van der Veen

03 jun 2013 - 12:56
  • Transportbedriuw Van der Veen

Transportbedriuw Van der Veen út Sumar makket definityf in trochstart, mar wol mei minder personiel. Yn totaal krije 31 minsken in nij kontrakt oanbean. In lytse twintich minsken ha ûntslach krigen. Fan de 40 frachtweinen bliuwe der 26 oer yn de nije opset.

In wike lyn waard it fallisemint fan it bedriuw oanfrege. Yn oerlis mei de kurator is mei de bank en it leasebedriuw in trochstart realisearre omdat der dochs noch genôch wurk is.

Mei minder minsken en minder frachtweinen is it oan de direksje om der wer in sûn bedriuw fan te meitsjen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)