Foks fret nêsten fûgels leech

03 jun 2013 - 12:40

In foks hat by Rotsterhaule 120 greidefûgelnêsten leechfretten. Jager en muskusrattefanger Jan Dijksma hat it bewiis. Mei in nachtkamera hat er it opnaam. Dit is unyk, want in foks lit him net maklik filmje.

Dijksma wol mei de bylden sjen litte dat it greidefûgelbelied net wurket. 'In soad sinten wurde útjûn oan it behâld fan greidefûgels. Mar salang't der neat oan de rôfbisten dien wurdt hat dit net sa folle sin', sa seit Dijksma.

Trefwurden: 
Foks greidefûgels nêsten
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)